Gjin ryksstipe foar nij Thialf

13 feb 2011 - 12:40

It ryk kin gjin grutte bydrage leverje oan in nij Thialf op It Hearrenfean. Dat seit minister Edith Schippers fan Sport. Deputearre Galema sei ein jannewaris dat de minister har hurd meitsje soe foar in ryksbydrage. Neffens him kin jild brûkt wurde út de ierdgasopbringsten.

Minister Schippers seit dat se net oan de fraach fan 40 miljoen euro foldwaan kin. Se wol inkeld stypje mei in lyts restbedrach. De minister fynt dat der earst in goed plan op tafel komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)