Gjin ryksstipe foar Icedôme

11 jun 2013 - 21:29
  • Untwerp fan Icedôme

Minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu ûntkent dat se it plan foar de nije topiisbaan Icedôme yn Almere stipet. It plan fan Almere krige, yn in geheim rapport, de foarkar fan de KNSB en NOC*NSF boppe in nij Thialf, omdat Almere rekkenje kinne soe op steun fan it ryk. Foar de eksploitaasje fan de iishal soe der 200 miljoen euro fan minister Schultz oan Almere en de provinsje Flevolân beskikber wêze, bedoeld foar diken en spoarlinen.

Yn in brief oan de Twadde Keamer skriuwt de minister dat it Ryk net bydraacht oan de eksploitaasje fan in topsportlokaasje. It Fryske CDA-keamerlid Sander de Rouwe hie de minister om opheldering frege oer de mooglike stipe oan Icedôme Almere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)