Gjin ryksjild mear nei Spangea

01 aug 2012 - 18:06
  • Corine van Eijk

Opera Spangea moat de kommende jierren de broekriem stevich oanlûke. Woansdei krige de stichting te hearren dat se gjin subsydzje krije fan it Ryk. Fjouwer jier lang hat Opera Spangea in bydrage krigen fan goed 160 tûzen euro, mar dat krije se de kommende fjouwer jier dus net.

Opera Spangea bliuwt wol bestean, omdat de stifting ek jild krijt fan de gemeente Weststellingwerf en de provinsje Fryslân. Mar de stikken sille nei alle gedachten wol goedkeaper produsearre wurde moatte, sa lit aritstyk lieder Corine van Eijk witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)