Gjin ryksjild foar needopfang

15 jan 2005 - 12:16

De gemeente Wûnseradiel moat sels de kosten foar de needopfang fan útprosedearde asylsikers betelje. Dêr is de oerheid net ferantwurdlik foar. Dat hat minister Verdonk fan frjemdelingesaken sein.

Wûnseradiel hie it Ryk om 140.000 euro frege foar de needopfang yn Wytmarsum. De gemeente wol de minsken net samar op strjitte sette en betellet dêrom mei oan de needopfang. Wûnseradiel leit him net del by it beslút fan Verdonk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)