Gjin ryksjild ekstra treinen

14 mrt 2011 - 18:29

Minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer wol gjin ekstra jild útlûke om mear treinen ride te litten tusken Zwolle en Ljouwert. De ChristenUnie fynt dat de minister dat wol dwaan kin, omdat der noch in subsydzjepot foar is. Neffens de minister giet dat om in tydlike subsydzje dy't meikoarten ophâldt.

De provinsje is grut foarstanner fan mear treinen tusken Ljouwert en Zwolle. Sy wolle nei trije of fjouwer treinen yn de oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)