'Gjin rûnwei foar Balk'

13 jun 2002 - 00:00

Balk krijt foarearst gjin nije rûnwei. Dat seit in advokaat fan de stifting ta behâld fan natuer en lânskip Gaasterlân. Hy konkludearret dat nei de útspraak fan de Ried fan Steate. Dy stelt dat de provinsje net akkoart gean mocht mei it bestimmingsplan fan Balk.

De stifting is tsjin de dyk om't de natuer dan ferlern giet. Neffens de advokaat moat der in nij plan komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)