Gjin run op Nije Windows

30 jan 2007 - 13:20
  • De nije Windows Vista

De yntroduksje fan it nije kompjûterbestjoeringsprogramma Vista soarget net foar in soad ekstra drokte by Fryske kompjûterwinkels. De echte leafhawwers helje de nije Windows al wol yn hûs.

De opfolger fan XP is net goedkeap. Boppedat moat de kompjûter in grut geheugen hawwe om it systeem draaie te kinne. De eigner fan Oké-PC yn Burgum ferwachtet dat Vista oer in langer skoft rekkene mear omset opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)