Gjin rioel, mar wol rioelheffing betelje

31 aug 2015 - 19:21

Goed achthûndert ynwenners dy't op de romte wenje yn de gemeente De Fryske Marren moatte ynkoarten foar it earst rioelheffing betelje. It giet om bewenners en ûndernimmings dy't net op it gemeentlik rioel oansletten binne. Oant no ta betelle dy groep gjin rioelheffing. Dat wurdt oars no't de gemeente wol dat se dochs 50 euro yn it jier betelje foar de ôffier en ferwurking fan rein- en grûnwetter.

In tal boeren is fan doel om beswier te meitsjen by de gemeente tsjin de rioelheffing. As it moat, stappe se nei de rjochter.

Neffens de beswiermakkers fiert de gemeente wurk út dat al dien wurdt troch it wetterskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)