Gjin resultaat grutte sykaksje

15 jan 2005 - 13:04

De sykaksje op it PM-kanaal by Top en Twel hat freed gjin sukses hân. De plysje siket al sûnt tiisdei nei in autobestjoerder dy't syn auto stean litten hat by de brêge oer it PM-kanaal. Undersyk mei speurhûnen hat útwiisd dat de man yn it wetter bedarre is. Der is socht troch dûkers en minsken fan de plysje en de branwacht. Ek is der sonarapparatuer ynsetten.

Moandei wurdt besjoen wat der fierder dien wurde kin om de man te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)