'Gjin resesje yn Fryslân'

01 apr 2003 - 00:00

De Fryske ekonomy stûket, mar der is gjin resesje. Dat stiet yn in rapport fan de Keamer fan Keaphannel. It tal banen yn Fryslân nimt noch in bytsje ta. Benammen yn de soarch komme der banen by. Hieltyd mear bedriuwen ferhúzje nei Fryslân. Dat hat 400 wurkplakken opsmiten.

De KvK kin net oanjaan wannear't de ekonomy wer oanlûkt. Wat langer de oarloch yn Irak duorret, wat minder dat foar de ekonomy is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)