Gjin resesje op BootHolland

12 feb 2010 - 16:49
  • Trijehûndert standhâlders op BootHolland
  • Deputearre Jannewietske de Vries krige it earste eksimplaar fan de Woudaaprûte

Fan resesje is op BootHolland neat te fernimmen. Freed waard de tweintichste edysje fan de boatebeurs yn it Ljouwerter WTC Expo iepene. Blykber is in jacht of sloep sa'n lúkse artikel, dat de krisis dêroan foarby giet.

Mei 300 standhâlders is der likefolle te sjen as oare jierren. Bygelyks dit jacht fan 1,3 miljoen euro. Nije modellen en trends, lykas hieltiid avanseardere elektroanika en in on-line simulaasje fan de Volvo-boatrace. De nije ambulânseboat leit der ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)