Gjin resepsje Ferwerderadiel

18 des 2011 - 10:11
  • Gemeente Ferwerderadiel

De gemeente Ferwerderadiel hâldt gjin nijjiersresepsje. Oant no ta wie it wol tradysje om alle jierren begjin jannewaris in resepsje te organisearjen. Ferwerderadiel sjucht der dizze kear fanôf, omdat de gemeente bot besunigje moat. Ek oare gemeenten moatte in soad besunigje, mar de measten hâlde wol in nijjiersresepsje. Smellingerlân byt tradysjegetrou it spits ôf, op nijjiersdei. Dan is der in grutte byienkomst yn De Lawei yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)