Gjin rellen by risikowedstriid

27 apr 2008 - 17:20

De fuotbalwedstriid tusken De Westerein en it Grinzer Velocitas is sneintemiddei sûnder slaanderij of oare problemen ferspile. Wol waard de wedstriid sûnder publyk spile en wie in needferoardering ôfkundige om mooglike relskoppers gau oanhâlde te kinnen.

Ferline jier rûn in kompetysjewedstriid tusken beide ploegen folslein út de hân. In groep fan 60 supporters en spilers krige spul. De twa klubs krigen in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)