Gjin rektifikaasje berjochtjouwing oer Prader-Willi Hûs

05 okt 2015 - 11:59
  • It Prader-Willi Hûs yn Mûnein

Omrop Fryslân sil de berjochtjouwing oer it Prader-Willi Hûs yn Mûnein net rektifisearje. Dat wie easke troch de soarchynstelling. Omrop Fryslân makke ferline wike melding fan misstannen yn it hûs. Sa soene bewenners geregeld mishannele wurde. It Prader-Willi Hûs sprekt fia syn advokaat fan in lasterkampanje fan Omrop Fryslân, mar haadredakteur Klaas Geert Bakker wiist dy beskuldigings fan de hân.

Neffens him is der soarchfâldich wurke, en kin der om dy reden gjin sprake fan wêze fan rektifikaasje.

De saak wurdt foar de ried foar de sjoernalistyk brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)