Gjin rekreaasjepark yn Driezum

30 sep 2013 - 11:33
  • Rekreaasjepark yn Driezum

Der komt foarearst gjin rekreaasjepark yn Driezum. Troch de ekonomyske krisis kin it plan dat der leit net trochgean. Dat lit de gemeente Dantumadiel witte. It plan wie dat achter Rinsma State in park mei 100 oant 150 rekreaasjewenningen komme soe. De wenningen soene oan De Swemmer komme te lizzen.

Collage BV soe it park bouwe, mar dy hat oanjûn dat dy dat net mear kin sa't it yn 2007 ôfpraat is. Dantumadiel hat sels ek twifels oer de komst fan it park. De gemeente wol earst ûndersykje oft soks wol yn Dantumadiel past.

Doarpsbelang Driezum fynt it spitich dat it park der foarearst net komt. It wie posityf oer de plannen, foaral omdat it foar wurkgelegenheid yn de omkriten soargje soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)