Gjin rekord draakjefleanen

10 jul 2000 - 13:15

It besykjen om it rekord draakjefleanen te ferbetterjen is mislearre. Feriening Wynpûst út Drachten koe gjin twatûzen draken op it Skylger strân de loft yn krije.

Sneon oerdei stie der krekt tefolle wyn. Doe't de wyn jûns minder krêftich waard, gongen 250 draken omheech. It rekordbesykjen waard letter ôfblaasd fanwegen te sterke wyn, dy't ek snein noch waaide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)