'Gjin reflektearjend hûsnûmer'

05 des 2010 - 15:02

Ynwenners yn it bûtengebiet hoege gjin reflektearjend hûsnûmer. Dat fynt it kolleezje fan Tytsjerksteradiel. Yn meardere gemeenten wurdt praat oer it fergrutsjen fan de feiligens yn de bûtengebieten. Helpferlieners soene huzen mei reflektearjende húsnûmers better fine kinne.

It kolleezje stelt de gemeenterie foar om de húsnûmers sa te litten fanwegen de hege kosten. De gemeente kin foar in koartingsregeling soargje. De gemeenterie nimt dit jier in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)