Gjin radio-aktyf ôffal Fryslân

14 aug 2014 - 16:09

Der wurdt gjin ûndersyk dien nei de mooglikheid om radio-aktyf ôffal op te slaan yn de Fryske boaiem. Dat antwurdet minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken op fragen fan ûnder oare PvdA-keamerlid Lutz Jacobi. De kommende tsientallen jierren is it noch net nedich te sykjen nei geskikte lokaasjes.

Wol hat Kamp in stúdzje dwaan litten nei plakken dêr't de saneamde 'Boomse' klaai foarkomt yn Nederlân. Dy grûnsoart soe mooglik geskikt wêze om radio-aktyf ôffal yn op te slaan. Kamp kin noch net sizze hokker lokaasjes al of net brûkt wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)