Gjin pronkpeal yn Ljouwert?

02 jun 2008 - 13:01

Der komt foarearst gjin pronkpeal by it stedhûs fan Ljouwert. De Lions Ljouwert '80 hiene it plan om de peal yn eare te herstellen. De peal waard yn 1617 op De_Brol delset en yn 1685 ferpleatst nei it Hofplein.

In brief fan it kolleezje oer de peal wie neffens de Lions te negatyf en dêrom sjogge se fan de peal ôf. Wethâlder Waanders sil no yn petear mei de Lions om te besykjen de kjeld út de loft te heljen. In pronkpeal waard ek wol ´kaak´ neamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)