Gjin problemen troch snie

09 feb 2007 - 07:00

De snie dy't tongersdei fallen is, hat yn Fryslân gjin problemen yn it ferkear opsmiten. Dat meldt de plysje. Der foel yn_trochsneed sa'n twa oant trije sintimeter. Dat is folle minder as de ferwachte fiif oant tsien sintimeter. Fanwege dy ferwachting wie in lanlik waaralarm ôfjûn.

Om problemen foar_te_kommen hawwe organisaasjes lykas Rykswettersteat yn_'t_foar struid. De diken wiene sadwaande freedtemoarn goed te beriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)