Gjin problemen SK&BOK Ljouwert

30 maaie 2011 - 11:45

It fallisemint fan transportbedriuw SK en BOK yn Roden hat gjin gefolgen foar de fêstiging yn Ljouwert. Dat seit it fakbûn FNV. Dat komt omdat de Ljouwerter fêstiging yn in aparte BV ûnderbrocht is.

SK en BOK yn Roden is fallyt omdat ien fan de opdrachtjouwers net ekstra betelje wol foar de ritten. It bedriuw fertsjinnet dêrtroch te min om út de kosten te kommen. It fallisemint moat noch oanfrege wurde, dat wurdt tiisdei dien. In 30 minsken ferlieze har baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)