Gjin problemen Navo-alfabet

02 aug 2013 - 11:57

Treinmasinisten fan Arriva ûnderfine gjin hinder fan it saneamde NAVO-alfabet dat se brûke moatte yn de kommunikaasje mei de treintsjinstlieders fan ProRail. Guon tsjinstlieders lutsen freed oan de belle om't it nije alfabet gefaarlik wêze soe. Yn stee fan spoar 14 B moatte masinisten no 1-4-Bravo sizze en eltse sin ôfslute mei 'over'.

De masinisten fan Arriva brûke it NAVO-alfabet no in jier en binne der oan wend. Der binne neffens harren gjin ûndúdlikheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)