Gjin problemen min waar

27 jul 2013 - 15:09

De rein- en tongerbuien hawwe foar safier bekend net foar hiele grutte problemen soarge yn ús provinsje. De swierste buien lizze no noch boppe it uterste noardeasten fan de provinsje. Ut it suden fan de provinsje kamen wat meldingen fan stoarmskea. De earste buien kamen tsjin ienen Fryslân yn. It KNMI hie foar it grutste diel fan Nederlân koade oranje ôfjûn. Koade oranje stiet foar ekstreem waar, dat gefaarlik wêze kin en ta skea en ûngelokken liede kin. De skûtsjes fan de SKS ha de bui ôfwachte, mar starte om goed trije oere wol by Starum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)