Gjin priis foar Harnzer kok

26 jan 2011 - 19:07

Sjef-kok Marco Poldervaart fan Harns is mei syn team net yn de prizen fallen by de itensiederswedstryd Bocuse d'Or yn it Frânske Lyon. It team is op in alfde plak einige. It wie foaral in Skandinavysk feestje. De winst gie nei Denemarken, folge troch Sweden en Noarwegen.

Tiisdei sette Poldervaart de faksjuery in fisk- en in fleisgerjocht foar, dêr't er in healjier foar traind hat. Der diene 24 lannen mei oan it toernoai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)