Gjin priis Beorn Nijenhuis

17 jan 2010 - 13:39

It is Beorn Nijenhuis net slagge om him op it WK sprint yn de prizen te riden. Nei in trettjinde plak op de twadde 500 meter en in fyfde op de lêste 1000 meter, einige de Feanster yn it einklassemint as sande. Nei de earste dei stie Nijenhuis fjirde, nei in knappe 1000 meter. Winner by de manlju waard de Koreaan Kyou-Hyuk Lee.

By de froulju einige Snitser Ingeborg Kroon op it 21ste plak yn it einklassemint. Einwinnares wie de Koreaanske Sang-Hwa Lee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)