Gjin postkoade foar Nij Altoenae

12 aug 2006 - 11:48

Nij Altoenae kin op 1 oktober gjin doarp wurde om't de postkoades foar dat gebiet op binne. It doarp hat no noch de koade fan St Anne. Neffens de regels moat Nij Altoenae in eigen ha.

TPG-Post seit dat de postkoades op binne om't der sa'n soad lytse doarpkes binne yn it gebiet. As mooglike oplossing stelt TPG út dat de ynwenners de postkoade dy't se no ha, hâlde. It postbedriuw feroaret dy dan sa dat se by Nij Altoenae hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)