Gjin postkoade foar Eastmahorn

12 nov 2007 - 10:41
  • It buorskip krijt dochs gjin eigen postkoade

Eastmahorn (De Skâns) krijt definityf gjin postkoade fan TNT Post. It bedriuw jout gjin postkoades oan doarpen as der minder as hûndert huzen permanint bewenne binne. Yn Eastmahorn binne dat der 36. It buorskip hat noch wol goed 350 huzen mei in rekreative bestimming, mar dy wurde net meiteld.

It kolleezje fan Dongeradiel is teloarsteld oer it beslút en besiket om dochs noch in postkoade te krijen. De doarpsstatus is net fan de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)