Gjin plysjepost yn Heech

22 aug 2007 - 10:16

In plysjepost yn Heech sit der foarearst net yn. Dat sei boargemaster Reitsma fan Wymbritseradiel tiisdei tsjin de ried. Allinnich as de gemeente betellet foar de kosten fan húsfesting en plysjeminsken, sit der in lytse mooglikheid yn.

Heech sil it earst dus dwaan moatte mei in lokaasje dêr't de plysje sa no en dan in sprekoere hâldt. De ried fan Wymbritseradiel is lykwols tefreden oer de sitewaasje fan ôfrûne simmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)