Gjin plak psychiatryske swalkers

02 apr 2005 - 11:38

De opfang fan swalkjende psychiatryske pasjinten komt yn Fryslân mar min fan de grûn. Dat seit opfangsintrum De Terp yn Ljouwert. Wylst it tal psychiatryske swalkers tanimt, is der noch hieltyd gjin goeie opfangromte.

Konkrete plannen en jild foar sa'n opfang yn Ljouwert lizze der al 2 jier. Mar Ljouwerters wolle sa'n plak net yn de buert ha. Neffens helpferlieners krije pasjinten wer nije problemen as se ien kear op strjitte bedarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)