Gjin plak foar oaljebollekream

03 okt 2007 - 11:23
  • Dit jier bin der gjin oaljekoeken fan Sterrenberg yn Ljouwert te keap

Ljouwerters kinne dit jier gjin oaljekoeken fan Sterrenberg keapje. Dat is it gefolch fan in útspraak fan de rjochter oer it tawizen fan twa ferkeappunten op de Lange Piip en op de Prins Hindrikbrêge yn Ljouwert.

By de oanbesteging die bliken dat it bod fan Sterrenberg út Easterum nea by de gemeente oankommen is. In letter bod fan it bedriuw is troch de gemeente wegere. De rjochter hat de gemeente no gelyk jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)