Gjin plak foar direkteur by A7

14 nov 2009 - 12:53
  • Direkteur Anne van der Sluis mei net bliuwe

De trochstart dy't it fallite Keunstesintrum A7 foarearst makket sil sûnder direkteur Anne van der Sluis plakfine. Van der Sluis is ien fan de tsien minsken dy't dien krije.

Freed waard bekend dat de lessen nei it fallisemint noch 9 moannen trochgean. Oant 1 jannewaris wurdt it personiel betelle troch it UWV. Dêrnei komt der noch 7 moanne subsydzje fan de gemeenten. De gemeenten brûke dy tiid om goed nei te tinken oer in definitive oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)