Gjin peaskefjurren om droechte

19 apr 2011 - 13:57

Yn de Stellingwerven meie kommend wykein gjin peaskefjurren oanstutsen wurde. Dat ha sawol East- as Weststellingwerf bepaald. Sûnt begjin dizze moanne is der al in smook- en stookferbod, mar de oanhâldende droechte makket dat yn de gemeenten de peaskefjurren no ek ferbean binne. De brânwacht fertrout it net.

Yn Eaststellingwerf giet it om tsien bulten dy't yn 'e brân stutsen wurde soene, yn West om seis. De grutsten binne fanâlds yn Elslo en Appelskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)