Gjin peaskefjoer Aldeberkeap

26 mrt 2013 - 22:54

Teloarstelling by âldjiersploech De Geitefok yn Aldeberkeap. It peaskefjoer dêr't se al moannen oan wurkje, mei mei de peaskedagen net brâne.

De gemeente Eaststellingwerf hat in stookferbod ôfkundige. It is te droech. Dêrtroch is it te gefaarlik om de bulten oan te stekken. It nijs is hurd oankaam op de plakken dêr't it oanstekken fan peaskefjoeren al jierrenlang tradysje is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)