Gjin pasfotokontrôle supporters

01 feb 2006 - 12:46

Der komt gjin pasfotoregistraasje foar seizoenskaarthâlders fan Sportclub Heerenveen. Dat hawwe it Iepenbier Ministearje, de plysje en de gemeente Hearrenfean besletten.

De partijen fine dat der by thúswedstriden fan Hearrenfean hast gjin insidinten plakfine, sadat der ek sûnder dy pasfoto's goed tafersjoch hâlden wurde kin. It fuotbalbûn KNVB giet akkoart mei de beslissing. Mooglik komme der wol oare kontrôlemiddels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)