Gjin partikuliere finzenis

25 jan 2005 - 23:33

Der komt foarearst gjin partikuliere finzenis yn Fryslân. Undernimmer Mark Schaaf fan Schaaf Beveiliging hat de plannen dêrfoar yn de iiskast setten. Neffens Schaaf is de tiid der noch net ree foar.

Justysje soe mei mearmanssellen earst sels de tekoarten yn de gefangenissen oplosse wolle, sa tinkt Schaaf. De ûndernimmer soe al oerienstemming hân ha mei in gemeente, dy't ek al grûn beskikber steld hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)