Gjin parkearde auto's op Skier

02 feb 2004 - 00:00

Ynwenners fan Skiermûntseach moatte tenei har auto oan de râne fan it doarp delsette. De gemeente wol gjin parkearde auto's mear sjen yn it doarp. It ferbod soe it beskerme doarpsgesicht ten goede komme en it autoluwe karakter fan it eilân noch ris ûnderstreekje.

Foar de eilanners binne der oan de râne fan it doarp in tal parkearplakken makke. Dy lizze beskut, sadat se net te bot opfalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)