Gjin panyk om skorpioenen

02 maaie 2006 - 15:56

Yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is noch gjin panyk ûntstien troch de ûntsnapte skorpioenen. Yn de wyk waard mei oanplakbiljetten melding makke fan 21 giele woestynskorpioenen dy't wiene.

De plysje, de GGD en de gemeente Ljouwert nimme de saak serieus, mar hâlde der dochs rekken mei dat it om in grap giet. De kâns dat minsken ek echt stutsen wurde troch de skorpioenen is net sa grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)