Gjin oplossing EVT/Doeksen

27 mrt 2014 - 18:34
  • Fearboat Spathoek fan de EVT

Nei seis wiken fan ûnderhanneljen en in maratonsit fan 18 oeren binne de EVT en Doeksen der net yn slagge om ta in oplossing te kommen foar de feartsjinsten nei Skylge. Ynset fan de ûnderhannelings wie dat Doeksen de EVT oernimme soe, mar dat is úteinliks net slagge om't se der finansjeel net út kamen. De EVT woe úteinliks tsientallen miljoenen euro's mear hawwe as Doeksen biede woe.

De ûnderhannelings waarden begelaat troch steatssekretaris Mansveld en sy is der dus net yn slagge om de ûnderhannelings ta in goed ein te bringen.

Sawol Doeksen as de steatssekretaris lizze de skuld fan it misrinnen fan de ûnderhannelings by de EVT. Dy soene in fierstente hege eask steld hawwe. No't de ûnderhannelings misrûn binne hat Doeksen it útstel dien om de tsjinstregeling te fersoberjen. Boppedat wurdt de MS Midslân ferkocht en ferfongen troch in boat dy't op Liquified Natural Gas fart. Dat is goedkeaper en dêrtroch kin jild besparre wurde. De gemeenterieden fan Skylge en Flylân moatte noch wol akkoart gean mei de fersobering. As dat bart, dan wol de EVT mooglik de gatten dy't Doeksen falle lit opfulle.

Besjoch hjir de brief fan de steatssekretaris oan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)