Gjin opfolger: meubelsaak feild

18 jul 2002 - 00:00

De folsleine winkelfoarried en ynventaris fan meubelsaak De Zon yn Frjentsjer wurdt takom wike feild. Eigner De Vries kin gjinien fine dy't it famyljebedriuw oernimme wol. Al sûnt 1929 is it bedriuw fêstige oan de Brede Plaats yn Frjentsjer.

Sjochdagen foar de feiling binne freed, sneon en snein. De feiling sels is tiisdei op de eigen lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)