Gjin ôfkicksintrum nei Fryslân

10 apr 2009 - 11:38

Der komt gjin ôfkicksintrum yn it hotel fan Dolsterhuzen. De gemeente Lemsterlân wol net meiwurkje oan in wiziging fan it bestimmingsplan. De stifting Narconon wie fan doel har sintrum foar de behanneling fan alkohol- en drugsferslaafden te ferhúzjen fan Zutphen nei Fryslân.

De gemeente wol gjin behannelsintrum yn it hotel, om't ferwachte wurdt dat der yn de streek gjin draachflak foar is. De gemeente hâldt it leaver as hotel om't der net folle hotels binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)