'Gjin ôffaltoerisme REC Harns'

28 apr 2014 - 07:49
  • De ôffaloven yn Harns

De steatefraksje fan Friese Koers wol net dat ôffalferwurker Omrin bûtenlânsk ôffal ferbaarnt yn de REC yn Harns. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra set de provinsje sa de doar iepen foar bûtenlânsk ôffaltoerisme. Neffens Hiemstra rinne ynwenners fan Harns en omkriten ekstra sûnensrisiko's troch it ferbaarnen fan bûtenlânsk ôffal en is it transport fan ôffal in gefaar foar de Waadsee. Neffens Omrindirekteur John Vernooij giet it om fiiftûzen oant tsientûzen ton húshâldlik ôffal út Ingelân dat better baarnt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)