Gjin oerwinning foar LDODK

07 sep 2014 - 16:45
  • LDODK

De kuorballers fan LDODK binne it seizoen snein yn de eareklasse útein set mei in 25-21 ferlies tsjin Fortuna. Yn Delft moast LDODK fan it begjin ôf oan yn de efterfolging. By in stân fan 8-5 slagge de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool der yn om de oansluting wer te pakken. Op 'e nij rûn Fortuna út nei 10-7, mar wie it wer LDODK dat knap weromkaam oant 11-11 by it skoft.

Yn de twadde helte holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. By 17-17 moast LDODK de oansluting lykwols gean litte en rûn Fortuna út nei in oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)