Gjin oerlêst jeugdfinzenissen

15 nov 2008 - 12:40
  • Jeugdfinzenis Het Poortje

Jeugdfinzenissen soargje net foar oerlêst foar bewenners. Dat docht bliken út in ûndersyk fan GrienLinks Hearrenfean. Fraksjefoarsitter en wittenskipper Bernie van Ruijven die it ûndersyk yn alve gemeenten dêr't al in jeugdfinzenis is.

Yn dy gemeenten binne gjin problemen mei de jeugdfinzenissen en ek binne der gjin meldings fan klachten fan bewenners. Op It Hearrenfean binne minsken wol benaud foar oerlêst fan jeugdfinzenis Het Poortje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)