Gjin oerlêst nijbou Drachten

03 feb 2012 - 20:22
  • It wurk oan it Raadhuisplein yn Drachten hie grutte gefolgen foar De Drift

It slaan fan de heipeallen foar it projekt 'Raadhuisplein' yn Drachten bliuwt binnen de noarmen sa't dy by de bou ôfpraat binne. Dat hat fan 'e wike bliken dien by de earste testen.
It projekt is yn folle gong, op it plak fan de sloopte winkels en hûzen komme 170 hûzen, in parkeargaraazje foar 700 auto's en 2100 kante meter oan nije winkels. De bouwer mei yn ferbân mei de trillingen net gewoane heipeallen brûke, mar slacht metalen buizen de grûn yn, dy't letter fold wurde mei beton.

Yn ferbân mei de froast wurdt it beton flak foar it stoarten noch opwaarme. Mei-elkoar binne 1900 sokke peallen nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)