Gjin oerienstimming oer iisbaan

09 okt 2000 - 15:52

De direksje fan de iisbaan yn Ljouwert kin it net iens wurde mei in tal iisklubs oer de hierpriis fan de oerkape iisbaan. It slagge ek in bemiddeler net de partijen by elkoar te bringen.

Nei tal fan ûnderhannelingen is besletten net fierder te praten. De iisklubs hiere de baan fan 't winter net ôf en fersoargje dêrtroch gjin reedrydlessen. De iisbaan soarget no sels foar treners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)