Gjin oarsaak brân Appelskea

27 des 2013 - 11:35

De plysje kin noch neat sizze oer de oarsaak fan de brân yn in leechsteande wenbuorkerij yn Appelskea. By de brân gie moandeitenacht it wenhûs folslein ferlern, de skuorre koe foar it grutste part behâlden bliuwe. De plysje hat wol dwaande west mei in ûndersyk, mar omdat de brân opnij begûn moast dêr mei ophâlden wurde. Fierder moat earst it asbest opromme wurde dat by de brân frijkaam is.

It wie dit jier net de earste brân yn de wenbuorkerij, dizze simmer rûn dy ek al skea op troch brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)