'Gjin oanwizing brânstifting'

26 aug 2006 - 12:17

De grutte brân fan tongersdei yn winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert is net oanstutsen. Ta dy konklúzje is de technyske resjerzje kommen nei wiidweidich ûndersyk. De brân is neffens dat ûndersyk begûn yn de bakkerij yn it winkelsintrum.

De meast werskynlike oarsaak is no koartsluting of in steuring yn technyske apparatuer. It winkelsintrum bliuwt yn it wykein ôfsletten foar alle belutsenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)