Gjin oanpassing skearegeling

08 okt 2010 - 20:14

Der komt gjin oanpassing fan de skearegeling yn ferbân mei de boaiemdelgong. In foarstel hjiroer fan de gemeente Hearrenfean is troch minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken fersmiten. Hearrenfean fynt dat by skea oan in wenning it gas- of sâltbedriuw mar oantoane moat dat har aktiviteiten net de oarsaak binne.

Minister Van der Hoeven fielt neat foar dizze omkear fan de bewiislêst. Se fynt dat de skearegeling fan no goed wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)