Gjin oankeapen by Hearrenfean

05 jan 2011 - 22:18

Sportklup Hearrenfean sil dizze winterstop gjin nije spilers oanlûke. Dat sei Robert Veenstra woansdei op de nijjiersresepsje. Neffens de foarsitter is der by Hearrenfean net de needsaak om no nije spilers oan te lûken.

Wol is der belangstelling foar Elyounoussi, Roorda, El Akchaoui en Papadopulos. Sy meie yn de winterstop de klup ferlitte. De tranferperioade rint noch oant en mei 31 jannewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)