'Gjin noed oer skoallen B'him'

21 feb 2014 - 16:31
  • Brede skoalle yn Akkrum

De iepenbiere basisskoallen yn it eardere Boarnsterhim wurde pas op 31 juli ferparte tusken de skoalbestjoeren fan de gemeente dêr't sy no ûnder falle. Dat is in heal jier letter as dat de bedoeling wie. It hjoeddeistige skoalbestjoer Bobob hat earder alarm slein oer it hiele proses, want ien en oar soe min útpakke kinne foar de skoallen.

Mar neffens ûnderhanneler Marc Kameraad fan de skoalbestjoeren yn de Fryske Marren, Ljouwert en It Hearrenfean hoege âlders en bern harren gjin soargen te meitsjen.

Der wurdt no al bot gearwurke mei de skoallen en dat giet goed. Neffens Kameraad is der de lêste tiid in soad oerlein en op basis dêrfan kinne knopen trochhakt wurdt. Kameraad jout in posityf advys foar it trochgean fan de fúzje. Bestjoeren en meisizzenskipsrieden moatte der noch in formeel beslút oer nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)